Drokte mei reedrydpasjinten

12 jan 2009 - 12:00

Fryske sikehûzen hawwe it sneon en snein smoardrok hân mei blessearre reedriders. It Antoniussikehûs yn Snits hat hast hûndert minsken behannele, wêrtroch se ekstra personiel oproppe moast.

By it MCL yn Ljouwert gie it om 70 reedriders. De Tjongerskâns op It Hearrenfean en Nij Smellinghe yn Drachten beide 50 en it Dokkumer sikehûs De Sionsberg sa'n 20. De measte minsken hiene brutsen polsen en ferwûnings oan de holle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)