Wer Fryske tsjinslach Dakar

12 jan 2009 - 10:01

Opnij tsjinslach foar ien fan de Fryske teams dy't meidocht oan de Dakar Rally yn Súd-Amearika: de auto fan Henk_Booij en Gerrit_van_Mourik hat grutte skea oprûn by in frontale botsing.

In ferdwaalde dielnimmer ried mei hege snelheid de ferkearde kant op en fleach boppe op de wein fan Booij en Van Mourik. Gjin ien rekke ferwûne. It team kaam as lêste binnen. It is noch net dúdlik oft it team moandei starte kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)