Flyers ûnderút yn Utrecht

12 jan 2009 - 07:22

De iishockeyers fan de Hajé Flyers ferlearen sneintejûn kânsleas fan de nûmer lêst Utrecht. It waard yn de Domstêd 5-2 foar de thúsploech troch de perioadestannen 3-0, 0-0 en 2-2.

De Flyers spilen sûnder fjoer en striid en koene allinne yn de lêste perioade troch T.J. Kelly en William Reber it net fine. De Feanster iishockeyers ha no 14 punten út 10 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)