11-stêdetocht: 11.000 sjoggers

Goed 11.000 minsken hawwe de megafoarstelling 11-stêdetocht fan Tryater sjoen. Dêrmei binne de kosten krekt dutsen. Mei in lingte fan 12 oeren wie it de langste produksje fan Tryater ea en miskien sels wol it langste teaterstik dat bestiet.
De foarstelling fûn plak op njoggen plakken yn 'e provinsje. It publyk waard mei de bus de plakken bydel brocht. De earste foarstelling wie op 20 desimber en snein de lêste. De foarstelling komt ek noch út op dvd.