Diskobus Tsjummearum bekûgele

© Omrop Fryslân
In Tsjummearumer fan 18 jier is oppakt om't er ferskate kearen in diskobus bekûgele hawwe soe. Earder dy jûn wie der in melding kaam oer in ynsmiten busrút, mar de plysje fûn neat.
Nei in pear oere kaam der lykwols wer in melding. De plysje besleat doe achter de borrelbus oan te riden dy't fan Berltsum kaam. Op De Kade yn Tsjummearum sprong de fertochte út de boskjes wei en woe wat nei de bus smite. Nei in achterfolging is de jongeman oppakt op 'e Kleasterwei.