Ljouwerter fertocht fan heling

11 jan 2009 - 14:31

In syktocht nei in identiteitsbewiis hat de plysje yn Harns sneontejûn in stellen autoradio opsmiten. In automobilist (26) út Ljouwert waard oanhâlden om't bekend wie dat er gjin jildich rydbewiis mear hie. Hy hie ek gjin identiteitsbewiis by him en moast dêrom mei nei it plysjeburo.

De plysje fûn by it trochsykjen fan syn auto in stellen autoradio. De man wurdt fertocht fan heling. Syn auto is yn beslach naam om't er twa kear earder trapearre is sûnder rydbewiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)