Auto oer de kop op A7 by Snits

© Omrop Fryslân
In frou fan 29 jier is sneontemoarn ferwûne rekke by in auto-ûngelok op 'e A7 by har wenplak. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke se fan 'e dyk ôf. Dêrnei klapte se op twa beammen en doe frontaal tsjin in sleatswâl. De auto sloech dêrnei oer de kop.
De brânwacht en ambulânsepersoniel hat it slachtoffer út 'e auto weihelle. De frou is nei it sikehûs yn Snits brocht.