Menaam of Menaldum

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Menameradiel hâldt fiif iepenbiere gearkomsten dêr't de ynwenners harren miening jaan kinne oer ferfrysking fan 'e plaknammen. De riedsleden nimme op 19 maart in beslút oer de ynfiering fan Fryske plaknammen. Se wolle earst witte hoe't de befolking dêroer tinkt.
De earste gearkomste is no woansdei, yn Nij Franjum yn Marsum. De riedsleden sitte tongersdei yn 'e Black Horse yn Menaam. Letter folgje noch Bitgummole, Berltsum en Dronryp.