Yta Strikwerda is ít tv-momint

11 jan 2009 - 09:38

Yta Strikwerda fan Wolvegea hat mei har optreden yn it televyzje-programma Mooi Weer De Leeuw, soarge foar it tv-momint fan 2008. It waard sneontejûn keazen yn in live-televyzjeprogramma fan de VARA.

Yn it fragmint wurdt Paul de Leeuw minutenlang achternei sitten troch Strikwerda, dy't it syndroom fan Down hat. Se wol mei him in rit op in pony meitsje. It fragmint waard troch in faksjuery keazen út tsien nominaasjes. Dy hie it publyk foardroegen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)