Jorrit Bergsma wint Eindhoven

Jorrit Bergsma
Jorrit Bergsma hat sneontejûn de alfde wedstriid om de Essent Cup yn Eindhoven wûn. De maratonreedrider fan Aldeboarn sprong trije rûntsjes foar de ein út de finalegroep fan tweintich man. Op de einstreek hie hy noch krekt genôch oer om syn earste oerwinning fan it seizoen te fieren. Yoeri Lissenberg waard twadde, Roy Boeve tredde.
Yn it klassemint fergrutte Bob de Vries syn foarsprong op Cedric Michaud. De Vries hat 28 punten mear.