Friesland wint Midwintercup
Earstedivisionist Friesland Futsal hat de 22e edysje fan de Midwintercup op syn namme skreaun. De finale tsjin earedivisionist Urk einige yn 1-1. De Ljouwerters namen de strafskoppen krekt wat better.
By de froulju gie de titel opnij nei regearjend kampioen HZVV. De ploech út Hoogeveen wie yn de finale mei 2-0 te sterk foar Hearrenfean.