Ungelokken op it iis

It ûngelok yn Snits (foto: Alex Zwart)
De ambulânsetsjinst yn Fryslân hat it drok mei it behanneljen fan ûngelokken op it iis. Sneontemiddei om 14.00 oere hinne is in reedrider op in iisbaan oan de Marktwei op It Hearrenfean swier ferwûne rekke nei in fal. De rider is stabilisearre en yn in ambulânse nei it sikehûs brocht.
Om 15.45 oere hinne foel op it iis oan 'e Stedsrûnwei-East yn Snits ek in rider. In ambulânse hat de reedrider, dy't ferwûne wie oan de skonk, nei it sikehûs brocht.