Auto op iis alvestêderûte

10 jan 2009 - 14:29

In frou út Hylpen hat sneontemoarn wol op in hiel aparte wize de dikte fan it iis yn de alvestêderûte testen. Se woe de auto ûntteie en hie dêrom de motor starten en wie dêrnei sels by de auto weirûn.

Se hie lykwols fergetten om de auto op de hânrem te setten. Dy ried dêrtroch út himsels it iis op. Blykber is it iis wol sterk genôch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)