Brân yn pleats Makkingea

10 jan 2009 - 13:51

In brân hat foar skea soarge oan in pleats yn Makkingea. It fjoer ûntstie oan it begjin fan de middei yn de stâl, nei alle gedachten troch problemen mei de ferwaarming.

Troch de brân is it dak fan de pleats skansearre rekke. Ek is in part fan de foarrie hea ferbaand. By de brân binne gjin bisten omkaam, earder waard dat wol melden troch de plysje. De brânwacht hat in oere nedich hân om it fjoer ûnder kontrôle te krijen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)