Himpkwekerij fûn yn Ljouwert
De plysje hat freed yn in hûs oan de Amelânstrjitte yn Ljouwert in himpkwekerij oprôle. Dy waard ûntdutsen nei meldings oer stankoerlêst.
Yn it hûs waarden goed seishûndert planten oantroffen. Dy binne krekt as de byhearrende apparatuer ferneatige. De plysje siket noch nei de eigner fan de kwekerij.