Dûkoefening ûnder it iis

10 jan 2009 - 12:56

De dûkers fan de Ljouwerter brânwacht koene sneontemoarn foar it earst yn jierren wer oefenje ûnder iis. In grut part fan it team hie noch nea wurke mei iis en hie dus gjin ûnderfining mei rêdingsaksjes ûnder dizze kâlde omstannichheden.

No't der dus einliks iis leit, hat de brânwacht gelyk in oefening útskreaun. Dat is neffens dûkynstrukteur Michel Hoekstra nedich ek. Want as der ien troch it iis sakket, moat de brânwacht der yn in kertier bywêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)