Ynspeksje posityf oer Pikeloer

© Omrop Fryslân
De ûnderwiisynspeksje is wer posityf oer iepenbiere basisskoalle De Pikeloer yn Wiuwert. Yn 2006 krige dy skoalle fan de ynspeksje it stimpel 'zeer zwakke school'.
Neffens de ynspeksje hat de skoalle it no better foarelkoar. Dat waard beoardield by in ynspeksje, septimber ferline jier. Doe waard ûnder oare by de lessen sjoen, mei personiel, âlders en learlingen praat en waarden útslaggen fan toetsen besjoen.