Plysje pakt oerfallers

09 jan 2009 - 17:34

De plysje yn Drachten hat freed twa oerfallers fan in tabakssaak al gau nei de oerfal oppakke kinnnen. It giet om twa jongens fan 17 en 18 jier. Neist de oerfal fan freed wêrby't ien winkelman ferwûne rekke ha de lêste tiid noch folle mear oerfallen west.

Dêr wurdt no ek wer nei sjoen. De twa fertochten koene sa gau oppakt wurde trochdat der gau mei 112 belle waard en der in goed sinjalemint wie. It mes dêr't mei stutsen is, is noch net fûn. Mear oanhâldings wurde net útsluten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)