Winterdrokte by Fûgelhelling

09 jan 2009 - 15:26
Foto: Omrop Fryslân

It begjint drok te wurden by fûgelopfang De Fûgelhelling yn Oerterp. De binnenkoaien sitte sa goed as fol mei fûgels dy't troch it winterwaar dreech oan iten kommen kinne. It giet ûnder oare om swannen, rigers en reitdompen dy't troch de froast te min fretten krije.

De Fûgelhelling hat de foarried oan iten freed oanfold mei fyfhûndert kilo fisk. Der kin net foarsein wurde hoefolle fûgels de kommende dagen noch binnenbrocht wurde sille.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)