Halt: 32 fjoerwurkboefkes

09 jan 2009 - 15:06

Dit jier binne by it Fryske Buro Halt 32 fjoerwurkboefkes oanmelden. Dat is ien mear as ferline jier. Lanlik binne 162 jongeren minder as ferline jier troch de plysje trochstjoerd nei Halt.

By Buro Halt wurde allinnich jongeren tusken de 12 en 18 jier oanmeld dy´t legaal fjoerwurk of strikers hawwe. As se swierder fjoerwurk by har ha, wurde se trochstjoerd nei justysje. Justysje hat trije saken yn behanneling fan jongeren dy´t mei de jierwiksel oanhâlden binne foar misdragings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)