T´diel: ynvestearje yn ekonomy

09 jan 2009 - 10:58

De gemeente Tytsjerksteradiel sil de kommende jierren te krijen ha mei minder ynkomsten troch de kredytkrisis. Dochs wol de gemeente trochgean mei ynvestearjen yn bedriuweterreinen. Dat sei boargemaster Polderman tongersdei yn syn nijjierstaspraak.

Neffens Polderman is en bliuwt der genôch belangstelling fan bedriuwen foar bedriuwsromte. It is net wier dat der mear bedriuweterreinen binne as dat der ferlet fan is, seit er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)