Skûlplak foar Opera Nijetrine

09 jan 2009 - 10:35

Besikers fan de opera yn Nijetrine kinne tenei skûlje as it reint. De organisaasje hat in nij gebou delset yn de tún fan it simmerferbliuw dêr't de opera altyd opfierd wurdt.

Oant no ta koene besikers dêr by min waar net ûnder dak. Arsjitekt Jelle de Jong fan De Lemmer hat it ûntwerp foar it gebou makke. Omdat de organisaasje it gebou lyts hâlde woe, hat it spesjale útklapbere gevelpanelen krigen, dêr't luifels fan makke wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)