Fyts ôfpakt ûnder bedriging

09 jan 2009 - 10:16

Twa manlju hawwe tongersdeitenacht op in fytspaad by Bûtenpost mei geweld de fyts fan in ynwenner fan Droegeham stellen. De 37-jierrige man waard troch de twa bedrige mei in mes.

Neidat er ûnder twang syn fyts ôfjûn hie, naaiden de twa manlju út. De plysje is no op syk nei tsjûgen fan de stellerij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)