Man oppakt foar bedriging

09 jan 2009 - 09:52

De plysje hat tongersdei yn Sint Anne in ynwenner fan Ljouwert oppakt. De man (46) wurdt derfan fertocht in eigner fan in kafee yn Sint Anne bedrige te hawwen. Ek soe er de ruten fan in supermerk folsmard hawwe mei ferve. De man waard oanhâlden troch in besiker fan it kafee. Hy fersette him dêrby bot. Hy sloech ûnder oare mei in wapenstôk.

Ek by de oerdracht oan de plysje levere de man ferset. De man hie in mes by him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)