Plysje hâldt ynbrekkers oan
Mei de oanhâlding fan fjouwer ynwenners fan It_Hearrenfean hat de plysje in fiiftal ynbraken yn dat doarp oplost. De fjouwer - twa fan 27 jier, ien fan 19 en ien fan 17 - wurde fertocht fan stellerij út twa skoallen, in winkel, in wenning en stellerij by de rugbyclub.
Se namen der ûnder oare laptops, lûdsapparatuer en jild mei. Ien fan de fjouwer fertochten sit noch fêst.