Skoalbern Lippenhuzen frij

© Omrop Fryslân
Basisskoallen yn Lippenhuzen en De Gordyk ha de bern freed frij jûn fanwege de wettersteuring yn it gebiet. Sûnt freedtemoarn komt der gjin wetter út de kraan yn in grut gebiet om Lippenhuzen hinne.
Wat krekt de oarsaak is, wurdt ûndersocht troch wetterbedriuw Vitens. Wol is dúdlik dat der te min druk is yn de wettertoer fan Lippenhuzen. Neist dat doarp ha ûnder oare De Gordyk, Beetstersweach, Aldeberkeap en Nijhoarne lêst fan de steuring.