Deventer fûgels nei Fûgelpits

09 jan 2009 - 07:25

De Fûgelpits yn Moddergat krijt freed in tsiental mei oalje besmarde fûgels, dy´t fongen binne yn Deventer. Dêr rekken se fersmoarge neidat jongeren oalje jitten hiene yn it wek dêr´t de fûgels yn swommen. It giet om einen en markols.

Yn opdracht fan de gemeente Deventer hat in bedriuw de fûgels fongen. Dat is mar foar in part slagge. In part swimt noch hieltyd yn it wek. De Fûgelpits sil de fûgels skjinmeitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)