Dyk N31 diels stikkenferzen

© Omrop Fryslân
Tusken de Werpsterhoeke en de ôfslach Techum op de N31 mei fan freed ôf net hurder riden wurde as 70 kilometer yn it oere. De dyk is sa bot skansearre dat it net langer feilich is om de normale snelheid fan 100 kilometer yn de oere oan te hâlden. Sa sit der yn de rjochter rydstrook in skuor fan goed 200 meter lang. Dy skuor is op guon plakken wol fiif sintimeter djip. De skuor is nei alle gedachten ûntstien troch it kâlde waar fan de ôfrûne wiken.