Ried noch achter komst Poortje

08 jan 2009 - 22:21

In grutte mearderheid fan de gemeenteried fan Hearrenfean stiet noch achter de komst fan jeugdfinzenis it Poortje nei It Hearrenfean-noard. De wjêrstân ûnder de bewenners fan dit part fan it doarp is noch altyd grut.

Goed 1800 minsken hawwe yn de ôfrûne moanne in hanteken setten tsjin it Poortje. En dat wylst der op It Hearrenfean-noard mar 2500 minsken wenje. Dy oantallen wiene oant no ta gjin reden foar de polityk om de plannen net troch te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)