Natoeriis goed foar Thialf

08 jan 2009 - 21:09

It riden op natoeriis sil in grutte groei yn it tal besikers opsmite foar Thialf. Dat sei boargemaster De Jonge fan Hearrenfean tongersdei op in byienkomst mei ûndernimmers. Troch de grutte drokte op it natoeriis, makket it iisstadion op it stuit in rêstige tiid troch, mar neffens De Jonge wurdt dat dêrnei wer goedmakke.

Troch it natoeriis steane in soad minsken no foar it earst op redens en dy komme by winters sûnder iis út op it keunstiis, sa seit De Jonge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)