Philips mei net koarter wurkje

Omset is net genôch sakke
Philips Drachten krijt gjin tastimming om wurktiidferkoarting yn te stellen. It omsetferlies is net heech genôch. Der moat neffens it Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid twa moanne lang 30 prosint minder omset wêze. En dat is neffens fakbûn FNV net it gefal.
Healwei desimber waard in diel fan it personiel fan Philips Drachten nei hûs stjoerd omdat der net genôch wurk wie as gefolch fan minder omset troch de kredytkrisis.