Fjoerwurkbedriuwen goedkard

08 jan 2009 - 14:40

De 7 grutte Fryske fjoerwurkbedriuwen dêr't de provinsje tafersjoch op hâldt, foldogge oan alle easken. It giet om bedriuwen dy't jierliks mear as 10 tûzen kilo fjoerwurk opslein lizzen ha. Alle 7 bedriuwen binne ferline jier trije kear kontrolearre.

Trije kear binne mûnlinge warskôgings jûn om saken te ferbetterjen en dêr is troch de eigners fan de bedriuwen oan foldien. It giet om fjoerwurkbedriuwen yn Ljouwert, De Lemmer, Frjentsjer, Wolvegea en Haulerwyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)