Wetterskip klear foar winter

08 jan 2009 - 11:59

Wetterskip_Fryslân kin at it matich friezen bliuwt fan freed ôf gjin wetter mear út de Fryske boezem spuie. It wetterskip is dan klear foar in lange froastperioade. Ôfrûne wykein begûn it Wetterskip wetter ôf te fieren.

De streaming fan it wetter is net goed foar it iis. Dat soarge dus ek foar in soad diskusje. Neffens wurdfierder Frank_Havik fan it Wetterskip binne der lykwols mar in pear tillefoantsjes oer binnenkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)