Gefaarlike autorider oanholden

08 jan 2009 - 10:25

De plysje hat woansdei op It_Hearrenfean in 20-jierrige ynwenner fan Terwispel oanholden foar gefaarlik rydgedrach. De plysje seach de man troch Oranjewâld riden en woe him oan de kant sette omdat de plysje wist dat er gjin jildich rydbewiis hie. De auto wie ek net fersekere.

De bestjoerder joech lykwols fol gas doe´t er in stopteken krige fan de plysje. Hy ried dêrby ûnder oare troch read. Op in miny-rotonde koe de plysje him klem ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)