Ferwûne troch fal mei ljedder

© Omrop Fryslân
In man fan 43 jier út Twizel is woansdei ferwûne rekke doe't er oan it wurk wie yn Drachtsterkompenije. Hy wie dwaande by in stâl yn oanbou en stie dêrby op in ljedder. Dy glied fuort, wêrtroch't de man foel.
De man hie wat brutsen en ek ferwûnings oan 'e holle. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De Arbeidsynspeksje hat in ûndersyk ynsteld nei it ûngelok.