Alvestêdetochtrider binnen

© Omrop Fryslân
De 50-jierrige Jacob Brandsma fan de Hommerts is woansdeitejûn eefkes nei alve oere op de Bonkefeart yn Ljouwert oankaam nei syn alvestêdetocht. Dy hat er foar mear as de helte fytst, omdat it iis op de rest fan de rûte net dik genôch wie.
Underweis krige Brandsma noch in boete fan de plysje, omdat er op de sneldyk fytste. Brandsma sette woansdeitemoarn om fiif oere ôf op syn redens. Al nei trije kilometer sakke er troch it iis.