Transport fernimt krisis

© Omrop Fryslân
De transportsektor krijt hieltyd mear lêst fan de ekonomyske krisis. Sa hat Veenstra_transport út Heech no 30 frachtweinen minder op´e dyk. Koartlyn sette de ferfierder noch 140 weinen yn. Dat hat foarearst allinnich gefolgen foar it tydlike personiel.
Transport en Logistiek Noord advisearret bedriuwen om tydlike kontrakten net te ferlingen. Se ferwachtsje dat de gefolgen fan de krisis yn´e maaitiid noch folle mear te fernimmen binne.