Topdrokte by Gaswacht

© Omrop Fryslân
Troch de kjeld fan de lêste dagen moat servicebedriuw Gaswacht ekstra monteurs ynsette om alle CV-steurings oan te kinnen. De froast soarget derfoar dat in protte tsjettels ûnder de druk beswike.
Der komme alle dagen in lytse 400 meldings binnen. Dat is dik 50 persint mear as oars yn wintertiid. It bedriuw riedt minsken oan om by strange froast de kachel op 18 graden te hâlden en alle radiatoaren iepen te setten.