Smidse Aldeberkeap fernield

De siersmidse yn Aldeberkeap
By de siersmidse fan Aldeberkeap ha fandalen heal desimber foar mear as 25.000 euro oan fernielings oanrjochte. Yn de nacht fan 18 desimber waarden de ruten fan de showroom yngoaid en kezinen, panielen en reinpipen waarden fernield.
Op fersyk fan de plysje is de saak oant no ta stil hâlden. It ûndersyk nei de fertochten rint noch. Nei alle gedachten binne der meardere dieders belutsen by de fernielings.