Net folle riders by Himmelum

der waard wol riden by Himmelum
De 11de reedriderstocht op 'e Fûgelhoeke by Himmelum hie woansdei in teloarstellend tal dielnimmers. In soad minsken mienden dat de tocht ôflast wie om't dy net goedkard wie troch de KNSB. Dat komt omdat de iisklub fan Himmelum gjin lid is fan it bûn.
It Frysk reedridersbûn hie de tocht wol goedkard en der wie in fergunning fan de gemeente. Sa'n 250 minsken hawwe de rûnde fan 'e Fûgelhoeke riden.