Drokte foar wegewacht

07 jan 2009 - 16:46

It kâlde waar soarget foar drokte by de wegewacht. Gewoanwei wurde deis yn Nederlân goed 3500 minsken mei maleur holpen. Op winterdagen is dat twa kear safolle. Der binne problemen mei stikkene akku's, fêstferzen doarren en auto's dy't net starte.

De drokte is al betiid op gong kaam en giet oant de jûnsspits troch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)