Hannel yn kaarten foar feest

bestjoer is ûntefreden oer kaartehannel
It bestjoer fan de Alvestêdetocht is hiel ûntefreden oer de hannel yn kaarten foar it grutte jubileumfeest. Dat is 15 jannewaris yn De_Harmonie yn Ljouwert en is inkeld tagonklik foar leden. Der kinne net mear as 3000 minsken yn de seal. Der moasten al 300 minsken teloarsteld wurde. No docht bliken dat de kaarten ferhannele wurde op ynternet.
It bestjoer sil by de doar kontrolearje op lidmaatskipskaarten.