De Lange út Sint Anne fallyt

07 jan 2009 - 12:22

It bedriuw De_Lange_Plastic_Linings yn Sint_Anne is fallyt. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bekend makke. By it bedriuw wurkje sa'n 40 meiwurkers. De Lange Plastic Linings ferwurket heechweardige keunststof en rjochtet him fierder op de beton- en miljeubeskerming en it meitsjen fan swimbad- en fiverplastik.

It bedriuw sit sûnt 1997 yn Sint Anne, mei in bedriuwsromte fan mear as 6500 kante meter. Dêrfoar siet it bedriuw yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)