Ungelokken op it iis

07 jan 2009 - 10:37

Op in stik greide by it Scheepstrapad op Skiermûntseach is tiisdei in famke slim fallen op it iis. Se bruts har foet. De traumahelikopter hat har nei de fêste wâl brocht. Se is behannele yn it MCL yn Ljouwert.

Op de Ballingbuer by Goaiïngaryp binne tiisdei twa minsken by it riden troch it iis sakke. De man (66) en frou (71) kamen út Goaiïngaryp. Se koene mei help fan oaren út it wetter komme. De man is nei it sikehûs yn Snits brocht. Hy wie ûnderkuolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)