Ekskús fan boargemaster
Boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel makket ekskús oan de âlders fan Burdaard en Blije. Nei de rellen mei âld en nij beskuldige hy âlders fan oppakte jongeren derfan de bern net yn de hân te hawwen.
Yn syn nijjierstaspraak kaam er dêr op werom, omdat de measte relskoppers âlder as 18 wiene.