Topdrokte by sâltfabryk Harns

06 jan 2009 - 17:06

Frisia Sâlt yn Harns hat it dizze dagen tige drok mei de produksje fan struisâlt. Yn guon gemeenten wurdt wol 100 ton sâlt deis op 'e diken struid.

De frachtweinen ride dizze dagen oan en ôf by it bedriuw. Troch de froast is der in protte fraach nei struisâlt. Frisia riedt him ta op de drokte troch in goeie foarried struisâlt oan te lizzen. Dy foarried sjocht der út as in sâltberch. Frisia hat njonken it fabryk yn Harns ek noch in opslach yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)