Skea oan skou troch froast

06 jan 2009 - 15:53

In sneu gefal fan winterskea yn Grou. Dêr is tiisdei de 10 meter lange skou ST-5 út 1936 út it wetter helle. It skip lei foar in grut part ûnder wetter. Froast, teiwaar en wer froast soargen foar in gat yn 'e lieding wêrtroch it wetter nei binnen koe.

De eigner kaam dêr yn it wykein achter dat it mis wie; it hiele achterskip lei ûnder wetter. Tiisdei is it skip boppe wetter helle mei help fan in kraan en in tal pompen. De eigner wit net hoe grut de skea krekt is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)