Gft-ôffal friest fêst

Je ha slimme gefolgen fan de froast en je ha ferfelende bykomstichheden. Ien fan de saken yn dy lêste kategoary is dat de ynhâld fan de konteners mei griente-, fruit- en túnôffal fêstfriest. En dan kinne meiwurkers fan Omrin dy't de konteners leegje moatte, it guod der net út krije.
Meiwurkers fan Omrin geane dêrom al mei de skeppe op 'en paad, om dochs noch it nedige gft-ôffal meinimme te kinnen.