Frou (57) ferwûne by oanriding

06 jan 2009 - 10:46

In frou fan 57 jier út Minnertsgea is moandei ferwûne rekke by in oanriding yn Ljouwert. It slachtoffer fytste troch de Tesselschadestrjitte en seach in auto oer de holle. Dy waard bestjoerd troch in 28-jierrige Harnzer. In botsing wie it gefolch.

De frou rekke licht ferwûne. Se waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)