Drachtster (16) jonge slein
De plysje hat moandeitemiddei op It Hearrenfean in jonge fan 17 jier út Aldeboarn oppakt foar mishanneling. Hy hie in 16-jierrige ynwenner fan Drachten slein.
It slachtoffer rekke dêrby ferwûne oan syn gesicht en moast nei de dokter foar behanneling. De plysje hat de fertochte meinaam nei it buro. Hy sit noch fêst.